Neerlandistiek — Online tijdschrift voor taal- en letterkunde

Oprop Tresoar Fellow 2027

24 maaie 2026 · Oprop Tresoar en de Freonen fan Tresoar
Fryske flagge
De Fryske flagge.

Tresoar en de Freonen fan Tresoar stimulearje in nije generaasje ûndersikers fan de Fryske skiednis, literatuer en/of kultuer. Mei inoar hawwe sy it Tresoar Fellowship ynsteld. Elk jier wurdt in stipendium beskikber steld oan in jonge akademikus út binnen- of bûtenlân. Dêr kin in ynnovatyf ûndersyksprojekt fan likernôch trije moannen mei stipe wurde. Kandidaten fan alle dissiplines en nasjonaliteiten binne wolkom. Alle ynteressearren foar de 2027-ronde kinne oant 6 novimber 2026 in útstel yntsjinje.

Betingsten

Haadtema’s

Tresoar ûntwikkelet syn kolleksje fan in oantal haadtema’s út:

It ûnderwerp fan de fellow slút by ien fan de boppesteande tema’s oan. Tresoar en de Freonen fan Tresoar kinne in foarkar foar ien fan de tema’s útsprekke.

Stipendium

Tresoar en de Freonen fan Tresoar stelle yn ’e mande in bedrach fan € 12.000 bruto beskikber as honorarium foar de útkeazen fellow. Dêrnjonken kinne reis- en ferbliuwskosten yn rekken brocht wurde oant in maksimum fan € 1.500. It stipendium kin takend wurde as in zzp-fergoeding oan de fellow sels (derfan útgeand dat dy as zzp-er oantsjutten wurde kin) of as in fergoeding foar it detasjearjen oan de wurkjouwer fan de fellow (as dy ree is om dêr oan mei te wurkjen).

Kritearia

Kandidaten foar it fellowship wurdt frege in eigen útstel yn te tsjinjen, dêr’t de relâvansje foar ien fan de neamde haadtema’s dúdlik yn ûnderboud wêze moat. In ûnôfhinklike sjuery gearstald troch de beide finansiers sil út de ynstjoerde útstellen in kar meitsje. De sjuery let dêrby op:

Fasiliteiten

It útstel

Utstellen meie yn it Frysk, Nederlânsk of Ingelsk opsteld wurde en moatte foar freed 6 novimber 2026 per mail stjoerd wurde nei ynfo@tresoar.nl.

It útstel befettet:

Praktyske ynformaasje

Deadline freed 6 novimber 2026

Stjoere oan ynfo@tresoar.nl

Online ynformaasjebyienkomst woansdei 1 july 2026, 16.00 oere

Kontaktpersoan Katja Westra, portefúljehâlder Fellowship: k.westra@planet.nl, tel. 06-11857033

← Werom nei Neerlandistiek op zolder